 Hij staat vaak in de schijnwer-pers als er weer een noviteit op het gebied van de melkvee op Proefboerderij Nij Bosma Zathe van ASG/WUR wordt gepresen-teerd. De inwoner van Vegelins-oord doet onderzoek naar innovaties in de melkveehouderij. In zijn vrije tijd zet hij zich in voor de Doopsgezinde kerk in Joure en hij korfbalt. Durk Durksz (51) gunt u een kijkje in zijn keuken.
Bent u verliefd, verloofd of getrouwd? Trouwt mei Hinke, al in lang skoft en noch hieltyd nei't sin. Bin berne yn Drachten en haw ek yn Jobbegea en op'e Jouwer wenne. Heeft u kinderen? Twa, fan eltse soarte ien: Gjilke, wennet no op harsels op 't Hearrenfean en Hedzer, dy't noch thús ta hâld. Twa skatten fan bern, dy't ik net misse woe. Waar verdient u de kost mee? Ik wurkje by it molkféproefbuorkerij Nij Bosma Zathe. Dat is in proefbuorkerij fan Wageningen Universiteit. Wy dogge der ûndersyk foar de molkféhâlderij en de omjouwing wer't de pleats yn stiet. Dan moatte jo tinke oan it fretten fan de kij: hoe kinne jo de kij better fuorje, mei minder belêsting foar it miljeu. Mar ek ûndersyk nei it behâld fan de greidfûges: de ljip, skriis, tjirk, strânljip en de ljurk (kievit, grutto, tureluur, scholekster en de leeuwerik.) op it boerelân en dat yn kombonaasje mei modern buorkjen. En dat slagget bêst, wy hawwe in soad greidfûgels op ús lân.
En dan ek noch binne wy enerzjy produsint mei trije dongfergisters (mestvergisters). Wy produsearje hjirmei foar rom 1200 húshâldens griene stroom en foar 700 húzen waarmte. En dat út stront en oar grien ôffal guod. Wy dogge hjir ûndersyk nei nije manieren fan fergisten en fan brûken fan de waarmte as fan it biogas. Fergiste fan de stront: Dat soe eins eltse boer dwaan moatte: wy neame de stront no: it brúne goud!
No ja en sa kin ik noch wol in skoftke trochgean. Waar zou een Skarsterlâner u van 'moeten' kennen? No ik tink fan it wurk dat ik hjirboppe beskreauwn haw. Ik bin wol gauris op Omrop Fryslân te hearren en te sjen. En oars miskien fan de Menniste tsjerke (Doopsgezinde Kerk) dy't oan de Midstrjitte stiet. In alderaardichst tsjerkje mei gemoedlike, aardige en waarme minsken. In tsjerkje dy't it besjen wurdich is en mei eltse sneins in preek wer't elkenien fan herte wolkom is. Komme jo ek?
Heeft u hobby's? Kuorbaljen doch ik mei nocht by SC Joure. Wat is uw lekkerste gerecht en wat drinkt u daar het liefst bij? Ik mei eins alles wol, mar bruine bearnen mei spek fyn ik wol hiel lekker en ek strûpmoes (boerenkool) giet der altyd yn. In glês gemeentepils, skjin wetter, smakket my derby. Wat is voor u het meest waardevolle voorwerp bij u in huis? No ik hechtsje my nei sa oan dingen. No ja, sûnder kompjoeter kin ik eins net mear. Wie is uw voorbeeld? Nelson Mandela, sa as dy man him taai holden hat yn al dy jierren yn it gefang op it Robben-eilân. En dan nei syn frij kommen sa posityf yn't libben stean, dat wurdearje ik tige.
Mar ek in man as Menno Simons dy't syn leuawen as Mennist (Doopsgezinde) stâl jown hat en stie foar wat hy sei: "Dope wa't mounich is, sprekke wat bounich is, Frij yn't Kristlik leauwen en dieden geane wurden te boppe" ("Dopen wat mondig is, Spreken wat bondig is, Vrij in het christelijk geloven, Daden gaan woorden te boven") Wat is volgens u de mooiste plek in Skarsterlân? It Nannewiid, moai beskut, moai om te kuierjen. Dat moatte wy sa hâlde. Sawol yn'e simmer as yn'e winter. Sjoch mar nei ôfroune winter. Wat koene jo der moai reedride. Wat is volgens u de lelijkste plek in Skarsterlân? Dat is de Slachtedyk rounom de âlde bussenfabryk fan Smit. De yntree fan de Jouwer fanôf it wetter. Der soe de gemeente wat oan dwaan moatte. Meitsje der in rekreaasje yntree fan, mei útstrieling. Als u mocht beslissen wat zou u dan onmiddellijk veranderen in Skarsterlân? Oh dat is makkelik: De brêge by de Kolk wer iepen meitsje en de farwei fan de Kolk nei it museum en de Sinnebourren wer iepen sadat de boatsjes wer yn it hert fan De Jouwer komme kinne.
Stel u wordt gedwongen te verhuizen maar moet wel binnen Friesland blijven, waar zou u naar toe gaan? Nei de Wâlden, ik ben berne yn Drachten, net dat ik perfoarst der wer wenje wol, mar dy omkriten lûkt my noch wol. Mar om mei hoech ik foarearst net te ferhúsjen, wy wenje nei't sin. Wat vindt u het leukste evenement in Skarsterlân? De Ballonfeesten, kleurryk en foarôf nea witte wer't de ballonnen hinne farre. En fansels de Jouster Merke, foaral no't de hynders wer werom binne op de Appelwyk. Dat jout ekstra fleur en libben oan de dei. Wat is uw meest bijzondere karaktertrek? Leaf, betrouber en de kop der foar hâlde. En optimistysk. Wat vinden andere mensen van u? Tja, dizze fraach moatte jo gewoan oan de oare minsken stelle. Ik haw harren dat sels ek noch nea freege. 
|